Frisian 

It Network to Promote Linguistic Diversity (Netwurk foar de Promoasje fan Taalferskaat) is in pan- Europeesk netwurk dat regionale, minderheids-,  autochtoane, lytse nasjonale talen  en talen dy’t oan beide kanten fan de grins sprutsen wurde, omfiemet mei it doel om taalferskaat yn de kontekst fan in meartalich Europa te befoarderjen.

It netwurk is oprjochte yn 2007 neidat ûnderskate taaladvysorganen (language boards) en net-gûvernementele organisaasjes dy’t har dwaande hâlde mei de ûntwikkeling fan Europa’s lytse talen en de ferbettering fan de posysje fan dy talen, ferskillende kearen om ‘e tafel sitten hiene.

Op dit stuit krijt it netwurk subsydzje fan de Europeeske Kommisje út it Lifelong Learning Program en sil dat jild brûke om it netwurk stevich del te setten as de wichtichste platfoarmorganisaasje foar it befoarderjen en de ûntwikkeling fan de lytse talen fan Europa.

It oerkoepeljende doel is om in omjouwing te kreëarjen wêrby ‘t meartalichheid, taalferskaat en taallearen allegear aktyf  befoardere wurde foar alle leeftiidsgroepen omdat  sa ‘n 50 miljoen EU boargers, 10% fan de befolking fan de EU, in regionale of minderheidstaal prate.

Partners

Welsh Language Board Akademy Basque Government Bwrdd yr Iaith Ciemen Conseil Regional de Bretagne Estonia2 Folktinget Foras Friesland Gaelthact Galicia Iaith Cyf Linguamon IEO Mercator Mercator Cyfryngau RGB Maga Sami

Membership

The NPLD acts to share best practice in language planning and to set up joint, funded language projects between its members.

Find out more

Contact Us

For all general enquiries, please use the following e-mail address:

post@npld.eu

More contact information